Zoekresultaten
Resultaat 41 - 53 (van 53)
Meindert Bylsma En dêr marsjearje ik hinne
Yn dizze boartlike en satiryske novelle reizget Meindert Bylsma mei it jonkje dat er ea wie troch falstrikken en hinderlagen yn it libben. Boartlik en blomryk fertelt er oer it gefaar fan klisjeemieningen, sjabloonoardielen, fan monotinken en hierargysk machtsmisbrûk. Sa komt er der efter dat it in poepetoer wurde sil foar sa'n lyts mantsje, dy't op de startline stiet, mei de hurddraversskuon al oan, om in keardel te wurden. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Fictie
Westerlauwers Fries | 93 pagina's (ePub2, 0,7 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2016
E-book
Eric Hoekstra Midfrysk goud
it bêste út 'e 17e iuw yn goed lêsber Frysk
Mei dizze blomlêzing besykje ik ús perspektyf op Fryske literatuer yn de 17e iuw by te stjoeren. It byld sa't it no is, wurdt iensidich beskaat troch de reuzefiguer fan Gysbert Japicx. Syn wurk wurdt ferhearlike, net kritysk hifke, en it wurk fan in Van Hichtum wurdt sûnder fierdere analyze as ynferieur beskôge. Yn dizze blomlêzing behannelet Eric Hoekstra ûnder oaren ûndogenske lietsjes fan Giacomo Vredeman, it petear tusken mem en dochter oer de leafde yn Johan fan Hichtum syn Ansk en Houk,...
Fictie
Westerlauwers Fries | 129 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2015
E-book
Blomlêzing út 'e Spaanse poëzij
"Mar in hantsjefol oersettings besteane der yn it Frysk fan Spaanstalige poëzij. Dizze bondel foeget dêr gâns in tal fersen oan ta. Klaas Bruinsma lit de lêzer yn ús eigen memmetaal genietsje fan al it prachtige dat Spaanse dichters troch de ieuwen hinne skreaun hawwe, yn krêftige, linige fersrigels. De earste gedichten binne al út it iere begjin fan de sechstjinde ieu, en geande troch de tiid hinne einet de oersetter mei in noch libbene dichter út Nicaragua, dyt yn syn eigen lân sjoen wurdt...
Fictie
Westerlauwers Fries | 135 pagina's (ePub2, 0,7 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2014
E-book
Marianna van Tuinen De reinbôgedolfyn
It dolfyntsje Lara wol sa graach yn de kleuren fan de reinbôge swimme. Se freget oan har freontsjes hoe't dat moat. Reno leart har dat se de kleuren op 'e boaiem fan de see fynt. En Fiola leart har dat se o sa heech springe kin, as se dat hiéééééél graach wol. Noch heger as de wolken. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Fictie
Westerlauwers Fries | 31 pagina's (ePub3, 15 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Bhagavad Gita
it liet fan God, it boek fan de joga
Wat moat in minske dwaan, wat moat er litte, om goed te libjen? Wat helpt dêrby? Selskennis of it dwaan fan goede wurken? Is God in persoan bûten jo? Of is God yn jo en moatte jo josels feroarje om God yn josels te sjen? Kin in minske neieroan ta God komme troch te stribjen nei deugd en harmony? Kinne wy ús gedachten yn `e macht krije en ússels op dy wize te'n goede feroarje? Oer sokke fragen giet de Bhagavad Gita, in boek dat it midden hâldt tusken wittenskip en godstsjinst. Yn dit boek sprekt...
Non-fictie
Nederlands | Westerlauwers Fries | 343 pagina's (ePub2, 0,7 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2012
E-book
Ridders fan de Rûne Tafel
Dit ferhaal is in oersetting fan de episoade Perchevael út de Haachse Lanselotkompilaasje. Lykwols spilet net Perseval in haadrol, mar earder Walewein. Perseval komt yn folle gefallen mar sydlings op it toaniel, meastentiids om Walewein of oare ridders út de swierrichheden te rêden. It ferhaal begjint mei in sêne oan it hôf fan kening Artur, dêr't de ridders mei-inoar oan de feestdis sitte, omt Perseval nei lange omswervingen wer weromkommen is. Wylst hja oan it iten binne komt der in tige...
Fictie
Westerlauwers Fries | 186 pagina's (ePub3, 2,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Tr. Riemersma Libben en dea neffens Jelke Bos
Labrador Jelke Bos is oan it skriuwen rekke troch in hast-dea-ûnderfining: hy woe de bal dy't syn baas yn de sleat keild hie ophelje - en doe barde it. Hy koe ynienen neat mear en fielde himsels út it libben weiglydzjen. En dat wie eins net iens sa slim. Dat syn baas yn de sleat stapte en him derút helle, koe Jelke wol begripe. Mar efternei hie er leaver hân dat er doe op dat stuit yn alle frede stoarn wie. En dêr prakkesearret er no oer en skriuwt it op. Tagelyk jout er kommentaar op it libben...
Fictie
Westerlauwers Fries | 46 pagina's (ePub2, 1,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Joseph Conrad De oerwinning
De heit fan de Sweed Axel Heyst wie de filosoof fan de doelloasheid fan it libben en fan de bannen dy't men yn it libben mei oaren oangiet, dy't de minsk inkeld mar kwetsber meitsje. Syn soan Axel hat genôch fan dy hâlding skipe om derfoar te kiezen om syn libben iensum te libjen, wat er die troch him net as in klûzner werom te lûken, mar troch omswalkjen sûnder rêst en troch sûnder bannen oan te gean op hieltyd wer oare plakken nergens fêst te wenjen. Sadwaande hie er it middel ûntdutsen...
Fictie
Westerlauwers Fries | 312 pagina's (ePub2, 1,8 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2020
E-book
Franz Kafka De metamorfoaze
Op in dei wurdt Gregor Samsa wekker en ûntdekt dat er yn in enoarm ynsekt feroare is. Hoe't hy en syn omjouwing dêr op reagearje wurdt mei begryp en irony beskreaun. It resultaat is ien fan de meast ferneamde ferhalen út de wrâldliteratuer. Franz Kafka (1883-1924) skreau it yn 1912 en it waard foar it earst publisearre yn 1915. Wolter Jetten út East-Fryslân sette it oer yn hjoeddeistich Frysk. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Fictie
Westerlauwers Fries | 125 pagina's (ePub2, 0,6 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Joseph Conrad Sulver en minsken
'Der is gjin frede en gjin rêst bij de ûntjouwing fan saaklike belangen. Dy ha har eigen wet en rjucht. Mar it is baseard op wat it bêste útkomt en is ûnminsklik. It is net rjuchtskepen, hat net dy tiidloasheid en dy kracht dy't men inkeld fine kin yn in moreel begjinsel.' Dat sitaat soe men mei rjucht it tema neame kinne fan dit boek Sulver en minsken (1904). De belangrykste 'persoan' soe men de sulvermyn neame kinne dêr't alles om draait. It is likernôch 1885. Yn it fiktive Súd-Amerikaanse...
Fictie
Westerlauwers Fries | 391 pagina's (ePub2, 2 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Joseph Conrad It geheim fan Lord Jim
LORD JIM (1900) Stel, jo binne (noch mar sa'n 23-24 jier âld) earste stjurman oan board fan in rustich âld stoomboat op de Indise Oseaan op wei nei Mekka, mei 800 pelgrims oan board. Underweis stjit dat skip midden yn de nacht lek troch in oanfaring mei in ûnder wetter driuwend heal-sonken wrak en der ûntstiet in gat oan de foarkant. It foarste kompartimint rint fol wetter en it wettertichte skud, ek al ien en al rust, bûcht gefaarlik troch. De bemanning beseft dat it skip elk momint sinke kin,...
Fictie
Westerlauwers Fries | 386 pagina's (ePub2, 1,9 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Thomas Hardy Fier fan alle drokte
Far from the madding crowd (1874) is it fjirde boek fan Thomas Hardy en it earste dat echt sukses hie. It boek spilet op it plattelân yn it súdwesten fan Ingelân, mei fiktive plak- en streeknammen. It is yn sekere sin in 'boereroman', mar dan wol heel oars as de Fryske boereromans fan foarhinne. It is ek in leafdesferhaal, dat, oars as yn bijgelyks in letter boek fan him dat ik yn it Frysk fertaald haw, Tess fan de D'Urbervilles, 'goed' ôfrint - mar dan binne der earst toch wol in pear skokkende...
Fictie
Westerlauwers Fries | 351 pagina's (ePub2, 2,1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2018
E-book
Emily Brontë De woeste hichten
De roman De Woeste Hichten is ien fan de bekendste leafdesskiednissen yn de wrâldliteratuer. It is miskien ek wol de wreedste. It ferhaal spilet him ôf tsjin de achtergrûn fan de ûnbidige heidefjilden fan Noard-Ingelân, op de twa boerepleatsen De Woeste Hichten en de Lysterpleats. As de heit fan Cathy Earnshaw weromkomt fan in reis nei Liverpool docht bliken dat er in lyts jonkje bij him hat, dat er as fûnling op strjitte oantroffen hie. Hij is wat donker fan útsjuch en de suggestje is dat...
Fictie
Westerlauwers Fries | 296 pagina's (ePub2, 1,2 MB) | Elikser Uitgeverij, Leeuwarden | 2022
E-book