Zoekresultaten voor: *
Resultaat 1 - 8 (van 8)
Wieke de Haan Echt moai
Froulju oer moaiens en it inerlik
In boek mei ferhalen oer it inerlik en uterlik fan Fryske froulju. Mar ek in boek oer de ynfloed fan heiten op dochters, oer beauty en glamour, rykdom, uterlike fersoarging, de waarmte fan thús, de frouljusbeweging, it hawwen fan rimpels, it glêzen plafond, it belang fan it Frysk - en foaral in boek oer it bliid wêzen mei dysels! Ynhâld 1 Ynlieding 2 Anita Andriesen 3 Jantien de Boer 4 Anneke Hogeveen 5 Maaike Hornstra 6 Grietje Huisman 7 Lutz Jacobi 8 Hanneke de Jong 9 Geertje Kingma 10 Yfke...
Westerlauwers Fries | 5 uur 47 minuten (178 MB) | Bornmeer, Easterwierrum | 2012
Luisterboek (digitaal)
Hanneke de Jong Salsafamke
De 14-jierrige Freya is foar it earst mei har âlden en har broerke op it tropyske Curaçao om't har broer dêr staazje rint. Se komt yn 'e kunde mei Guido, de maat fan har broer. As se mei him de salsa dûnset, wit se al gau: him wol ik ha, it kin neat skele wat ik dêrfoar dwaan moat. Ienkear werom yn Nederlân fernimt se dat de fakânsje net sûnder gefolgen bleaun is. Wat no? Ynhâld 'Dit is myn sus.' Roelof raasde nei in groep dy't har entûsjast op de muzyk gean liet. Freya joech hjir en...
Westerlauwers Fries | 4 uur 21 minuten (275 MB) | Friese Pers Boekerij, Easterwierrum | 2012
Luisterboek (digitaal)
Hein Jaap Hilarides Joppe
Joppe bringt syn ferfangende tsjinstplicht troch op it gemeentehûs yn Raarendt yn Noard-Fryslân as miljeu-amtner. Droechkomysk beskriuwt Hein Jaap Hilarides yn syn debútroman de sfear op it gemeentehûs, de kantoarrituelen, papierwinkel en miljeukontrôles, mar fral ek de erotyk. It frijbliuwende libbentsje fan Joppe krijt ynienen in oare diminsje as er Terpsi moetet, in politike flechtlinge út Afrika. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Westerlauwers Fries | 4 uur 59 minuten (261 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Mentha Minnema en it kattemystearje
Mentha Minnema belânet diskear as hûneleafhawwer mei in protte ferstân fan katten, yn in kattemystearje. Jurjen en Jeltsje Risselade misse harren kat Tsjip en wat dêr dan allegearre oan aventoeren achter wei komt... Ek diskear wer helpt Pyt Pander mei, mar de polysje hie it allinne noait oprêden. Dit ferhaal wurdt foarlêzen troch de skriuwster Anny de Jong. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1998 as achtste diel yn de Mentha Minnema-rige. Inhoud De nijkeap In frjemdsoartige kat A real...
Westerlauwers Fries | 3 uur 16 minuten (222 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Auck Peanstra Sitebuorren, myn eigen paradys
Oantinkens
Dochs hat it gefoel fan bûtensteander wêzen myn jeugd net knoeid, ik hie Sitebuorren, myn eigen paradys. In wrâld dêr't ik my ûntjaan koe, dêr't de fantasije rom baan krije koe. Romte, frijheid en feiligens: in rykdom dy't foar gjin jild tekeap is. Boppe wetter kommen brieven fan har mem binne foar Auck Peanstra oanlieding om de oantinkens oan it plak fan har jeugd op te skriuwen. Dy brieven jouwe in byld fan it erflik wrotten en wramen fan de boer en de noed om fee en bedriuw. Fan dy noeden...
Westerlauwers Fries | 6 uur 4 minuten (363 MB) | Venus, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Riek Landman Liet foar myn jonge
De Fryske boerefamylje Seffinga emigrearret mei de bern yn de sechstiger jierren nei Normandië. Nei de dea fan heit Keimpe bliuwt syn widdo Minke wenjen yn it grutte âlde hûs by har dochter Andrea en dy har húshâlding. Minke har soan Arjen kin net rjocht aardzje yn Frankryk. Hy wurket earst yn Cherbourg en letter wennet er yn earmoedige omstannichheden yn Parys. In inkelde brief is syn iennichste kontakt mei de famylje. Minke begjint him stadichwei tige te missen en de langst nei it eardere...
Westerlauwers Fries | 5 uur 14 minuten (337 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Fryske Akademy Frysk hânwurdboek
De Friese Van Dale, met alleen woordverklaringen in het Fries. Met cd-rom.
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 2391 pagina's | Fryske Akademy, Ljouwert [Leeuwarden] | 2008
Gedrukt boek
Margryt Poortstra Minskebern
Twee mensenkinderen, een dementerende oude vrouw en haar pasgeboren achterkleinkind, staan aan de beide uiteinden van het leven.
Fictie | Psychologische roman
Westerlauwers Fries | 114 pagina's (ePub2, 2,9 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2014
E-book