Zoekresultaten voor: *
Resultaat 1 - 10 (van 10)
Froon Akker Einum
Yn it djippe suden fan Kanada set in fûgeltsje útein mei de oerstek nei Europa. Tagelyk wurdt by in wenningstichting yn it noarden fan Nederlân in brief opsteld. Balansearjend op it snijflak fan lân en see leit Einum, in buertskip yn in lânskip fan boulannen mei op de achtergrûn in him yn rap tempo útwreidzjend havengebiet. Yn achttjin miniatueren wurdt in skets jûn fan de ynwenners: in keunstner dy't besiket de skimering tusken skaad en ljocht fêst te lizzen, in demintearjende frou, in...
Westerlauwers Fries | 9 uur (512 MB) | Froonakker, Easterwierrum | 2016
Luisterboek (digitaal)
Jelle Krol | Abe de Vries | Durk Gorter | Meindert Reitsma Jonge Friezen mei kulturele ambysje
Sympoasium ûnder de titel Fryslân en de wrâld 2.0 mei fjouwer lêzings oer ferskate aspekten fan (de ynfloed fan) Douwe Kalma
It biedwurd 'Fryslân en de Wrâld' is hast in ieu âld. Yn dat biedwurd lizzen allerhanne idealen besletten dy't de jonge generaasje fan 1915 neistribbe: it Frysk de algemiene kultuertaal yn Fryslân, Fryske literatuer in selsstannige literatuer, kulturele ferheffing fan it folk, wrâldliteratuer oerbringe yn it Frysk, de blik rjochtsje op Ingelân en Skandinavië en net op Hollân - en mear. Yn novimber 1915 rjochte de jonge Douwe Kalma (berne yn 1896) mei in oantal meistanners de Jongfryske Mienskip...
Westerlauwers Fries | 1 uur 34 minuten (89 MB) | Sirkwy/Tresoar, Easterwierrum | 2015
Luisterboek (digitaal)
Jelle Bangma Keatse foar de krânse
Jelke hâldt fan keatsen. Hy kin it goed, mar is ek bloedfanatyk! Gauris wint er de krânse, mar hy moat der wol hiel wat foar oer ha: in soad traine, gjin feestjes, betiid op bêd... Fan syn pake, ek in goede keatser, krijt er in pakje. Bringt dat gelok? Mei syn freonen hat Jelke faak sukses, mar hy wol mear! De Bûnspartij by de skoaljonges, en fansels de Freule! Mar Elske dan, en syn âlde maten? In moai ferhaal oer in jongesdream dy't útkomt. Ek foar famkes. Ynhâld Yn it Jongespartoer......
Westerlauwers Fries | 2 uur 36 minuten (147 MB) | Frysk en Frij, Easterwierrum | 2015
Luisterboek (digitaal)
Laozi Tao te Ching
het boek van de weg en de deugd
Een bundel van 81 korte teksten gebaseerd op de belangrijkste geschriften van het Taoïsme.
Non-fictie
Westerlauwers Fries | Nederlands | 194 pagina's (ePub2, 1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2015
E-book
Froon Akker Einum
roman
Het wel en wee van 18 Einumer dorpelingen.
Fictie
Westerlauwers Fries | 311 pagina's (ePub2, 0,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Meindert Bylsma Allegearre snie
speurdersroman
De biljertklup 'Krijt op tijd' wachtet op Bareld. Ek al is dy mar ûnderhâldsmonteur op in plestikfabryk, dêr’t er gjin topynkommen hat, hy is altyd goed foar in rûntsje foar alle leden fan ’e klup. Bareld is meastal op ’e tiid, mar diskear is er frij let. As er syn partij spile hat en eefkes nei bûten is om in sigret te smoken, komt der in frommis mei read hier nei binnen en freget nei Bareld. Se stjoere har efter Bareld oan. Dy sil dus beskie jaan moatte as er werom komt. Mar hy komt net werom....
Fictie
Westerlauwers Fries | 144 pagina's (ePub2, 1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2015
E-book
Jan Schokker Tichtby
De kop fluitet en kreaket him. Freegjen is in belangryk part fan syn wurk, mar hy hat ynienen gjin fragen mear. Hy pakt Ryk by de skouders en se ferwart har no net. Trochelkoar skodzje wol er har, mar docht it net. Ynstee dêrfan lûkt er har tsjin him oan. Soks docht er oars net. It is begrutsjen, miskien wanhoop, in meilibjen, in ynlibjen. ‘Moatst my helpe Ale,’ seit se mei in smoard lûd. ‘Wêr is lytse Lutzen?’ Plysjeman Ale Alema rekket diskear djip betize yn de leafde en yn de misdied. Syn...
Fictie
Westerlauwers Fries | 168 pagina's (ePub2, 1,1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2015
E-book
Hilda Talsma Wyn fan feroaring
Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy 't sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan 'e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing. Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy 't der mar wat hinne libje. De ienige fan har famylje dêr 't se har by thús fielt is omke Hannes. Mei him en har neef Ate gong se as jongfaam altyd op...
Fictie
Westerlauwers Fries | 243 pagina's (ePub2, 1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2015
E-book
Sjieuwe Borger Eksamenjier
As Dario nei de grutte fakânsje op skoalle weromkomt liket alles by it âlde bleaun te wêzen. Mar is dat wol sa? Wêrom hinget Joyce sa oan Miklas. Is it omdat Dario yn Portugal bealgje moast foar syn heit, foar straf sûnder snoadfoan siet en gjin kontakt hawwe koe mei Joyce? Of is der wat oars? It wurdt der al net makliker op as Joyce en Dario yn de favorite hangout fan de eksamenkandidaten wurden krije en Miklas Joyce nei hûs bringt. En dan geane de heit en mem fan Dario ek noch ris útinoar....
Fictie
Westerlauwers Fries | 130 pagina's (ePub2, 1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2015
E-book
Eric Hoekstra Midfrysk goud
it bêste út 'e 17e iuw yn goed lêsber Frysk
Mei dizze blomlêzing besykje ik ús perspektyf op Fryske literatuer yn de 17e iuw by te stjoeren. It byld sa't it no is, wurdt iensidich beskaat troch de reuzefiguer fan Gysbert Japicx. Syn wurk wurdt ferhearlike, net kritysk hifke, en it wurk fan in Van Hichtum wurdt sûnder fierdere analyze as ynferieur beskôge. Yn dizze blomlêzing behannelet Eric Hoekstra ûnder oaren ûndogenske lietsjes fan Giacomo Vredeman, it petear tusken mem en dochter oer de leafde yn Johan fan Hichtum syn Ansk en Houk,...
Fictie
Westerlauwers Fries | 129 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2015
E-book